Skraal

Skraal

Profile:
Net dyn standert bluesband, mar in eigensinnige bluesrockformaasje besteande út fiif útsprutsene persoanlikheden. De strôt fan sjonger Jorn Idzerda is rau en rûch en syn mûlharp wurdt mei in soad power bespile.Drummer Hendrie Achtien is tegearre mei bassist André Klijnstra ferantwurdlik foar de strakke ritmeseksje. It gitaargeweld wurdt fersoarge troch Wieger de Wit. De straffe grooves kostje wol in stikmennich snaren, mar soargje wol deeglik foar in sûne poarsje enerzjy. Rasmuzikant Victor de Vries nimt neist de toetsepartijen ek gitaarwurk voor syn rekkening. Mei inoar produsearret dizze skrale mar goed smarde masine stampende Fryske bluesrock. De band komponearret en skriuwt eigen nûmers, mei as ynspiraasjeboarne û.o. The Red Devils, the Doors en AC/DC. It earste album "Helden fan de tredde helte" is yntusken in feit en te beharkjen op û.o. ús webside en Spotify. Troch ferskate ferkeapkanalen as bol.com en de Fryske muzykwinkel kinne jo dizze Fryske hit-cd yn it besit krije.

Op dit stuit is de band drok dwaande mei nij materiaal. Dit sil wierskynlik liede ta in nije cd. De band stiet garant foar mear as in oere ûntwapenjend mei-inoar spyljen dat soarget foar in noflike sfear, geskikt foar elk feest/festival! De band hat in PA-ynstallaasje en in lûdstechnikus (Erik Wagenaar), sadat der gjin kroech mear feilich is. Fansels geane neist de lûdstechnikus en skrale privésjauffeur (Hans van der Zwaag) ek de nedige sjouwers (Alex Klijnstra) en kreaze froulju mei foar promoasje en ferkeap by live-optredens. Skraal hat al optredens fersoarge op Aaipop (it grutste Frysktalige festival fan Nederlân), it Blues & Americanafestival, Herberchblues, Knypstermerke, Expansie, Oerrock en fansels yn legio rikkerige kroegen. Ek wurdt Skraal geregeld draaid op Omrop Fryslân en wiene se al ferskate kearen live te hearren yn it programma "Noardewyn".
Sites:
[a6270011]

Artist

Skraal Discography Tracks

Albums

SMD010 Skraal Helden fan de tredde helte(CD, Album) SMD Records (6) SMD010 Netherlands 2012 Sell This Version
SMD019 Skraal Live(CD, Album) SMD Records (6) SMD019 Netherlands 2016 Sell This Version
SMD016 Skraal Rubber, Reek & Fjoer(CD, Album) SMD Records (6) SMD016 Netherlands 2018 Sell This Version

Videos (3) Edit